De famyljefilm is in sjenre fan films dy't oars as bernefilms of jeugdfilms net spesjaal bedoeld binne foar in jongere leeftydsgroep, mar dy't wol gaadlik binne om troch bern sjoen te wurden. It kinne sawol dramafilms as komeedzjefilms wêze, hoewol't der frijwol altyd komyske eleminten yn ferwurke binne. Oer it algemien binne famyljefilms fierders spannend foar bern en ûnderhâldend foar folwoeksenen. De namme 'famyljefilm' wiist derop dat der mei it hiele gesin nei sjoen wurde kin. As typyske famyljefilms jilde in soad tekenfilms, lykas The Lion King (1994) en Shrek (2001), mar ek in protte 'gewoane' (live action) films, lykas Mary Poppins (1964), de Herbie-rige (fan 1968 ôf), Little Lord Fauntleroy (1980) en Free Willy (1993). In filmstudio dy't him by útstek talein hat op it meitsjen fan famyljefilms is it Amerikaanske Walt Disney Pictures. De oantsjutting 'Disney-film' is dêrtroch suver synonym wurden mei famyljefilm.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Einzelnachweise, op dizze side. |